Hoe stiet it mei de kwaliteit fan de Fryske rykswegen?

19 jul 2016 - 12:04

Friezen binne oer it generaal tefreden oer de kwaliteit fan de rykswegen yn ús provinsje. In publykspanel hat de diken beoardiele foar Rykswettersteat. 75 Prosint fynt de diken feilich.

Wol wurde stikken dêr't yn en útfoegjen bymekoar sit as minder feilich ûnderfûn. Op de N31 is it neffens de panelleden net dúdlik dat it om in 100 kilometerdyk giet. Minsken tinke faak dat der 120 riden wurde mei.

De panelleden fine dat de kontrôles fan de plysje sinfol binne. Strang kontrolearje, hanthavenje en mear kommunisearje oer foarbylden fan ûnfeilich gedrach op 'e dyk is neffens de ynfollers fan de enkête de bêste wize de feiligens te befoarderjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)