Goutum wint Bangmapartij

29 apr 2012 - 18:08

It keatspartoer fan Goutum, mei Hendrik Tolsma, Cornelis Terpstra en Daniël Iseger hat snein de Bangmapartij op har namme skreaun. Yn de finale wienen sy mei 5-3 en 6-4 te sterk foar it partoer fan Minnertsgea, mei Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra.

It partoer fan Ljouwert pakte de tredde priis. Pieter Bakker, Karel Nijman en Peter de Boer ferlearen yn de heale finale pas mei alles oan de hang fan Minnertsgea.

Trefwurden: 
Goutum keatsen Bangmapartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)