FOTO'S: Sonken binnenfeartskip boppe wetter

19 jul 2016 - 13:33

Sintimeter foar sintimeter komt it skip omheech. "Het gaat nu echt hard" seit Theo de Lange. Hy wurket foar Rykswettersteat, en sjocht fan de patrûljeboat RWS77 ôf nei it wurk op it binnenfeartskip dat tiisdei burgen wurdt. 

Even rûn it wurk fertraging op. It skip hinget yn de takels fan twa driuwende bokken. En dy moasten ballaste wurde. Grutte wettertanks strome fol mei wetter. "Dat luistert heel nauw," seit De Lange, "de bergers zijn daar heel zorgvuldig mee." Op sokke mominten sil elk noch wol even oan 'Alphen' tinke.

Op de boaiem

It giet om in Belgysk binnenskip, dat sonk op fiif july trochdat de laadbak iepen stie en it wetter oer it skip hinne sloech. Der stie doe in krêftige wyn, seis Beaufort.

De skipper en syn frou sieten yn de stjoerhutte, de matroas yn it foarûnder. Sy moasten troch de rêdingsbrigade fan it skip helle wurde. Alle opfarrenden kamen mei de skrik frij.

It skip kaam op de boaiem fan de Iselmar te stean. Allinne it stjoerhûs en de radar stutsen noch boppe wetter. 

3000 ton slakken

De lading, hast 3000 ton slakken fan de Hoogovens yn IJmuiden, is der freed en sneon al úthelle. Moandei is alles klearmakke foar it omheechheljen fan it skip.

Spannend

It binnenfeartskip sonk seis kilometer foar de kust fan Starum, midden yn de fargeul. En dat makke de berging noch wol even spannend, fertelt De Lange. Rykswettersteat hat boeien útlein, en it gebiet ôfset, mar boatsjeminsken ha dat net altyd yn de gaten.

"Er kwam een plezierjachtje tussen de boeien. Dan moet je er even op af. Onze patrouilleboot is er meteen naartoe gevaren, en toen was de boodschap wel duidelijk. Ze zijn omgevaren. Maar dat moet je wel goed in de gaten houden."

Wynstil

De omstannichheden binne op dit stuit perfekt foar de berging, seit De Lange. It is wynstil, en dêrtroch soe it samar kinne dat it wurk oan de ein fan de middei al klear is, ferwachtet er.

Skjinmeitsje

De bergers ha seis pompen yn bedriuw om it skip leech te pompen. "Over een paar uur is het schip helemaal leeg" seit De Lange om it middeisoere hinne. "Dan wordt het naar Lelystad gesleept."

Op in skipswerf sil it skip ynspektearre wurde. "Ze kijken wat er gedaan moet worden" seit De Lange. It skip moat skjinmakke wurde, dat kin net oars. De motoren moatte der út. En it kin wêze dat der noch mear reparearre wurde moat. Dat is net samar klear. "Daar zijn ze gewoon maanden mee bezig."

Bergingskosten

It is in hiele operaasje, de berging fan it frachtskip. Twa kranen binne der by nedich, pontons, der leit in hiele float oan skippen op de Iselmar. En dat is net om 'e nocht. De fersekering fan de eigener fan it Belgyske skip moat ta de bûse. "Dat gaat aardig in de papieren lopen" seit De Lange. "Ik heb geen exact bedrag, maar het kost veel geld, dat is een ding dat zeker is."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)