Skea troch brânstichting by kuorbalferiening Surhuzum

Stikken rút by kuorbalferiening DTS © Plysje Noardeast-Fryslân
Yn it opslachgebou fan kuorfbalferiening DTS yn Surhuzum is moandei oan de ein fan de middei brân útbrutsen. De plysje tinkt dat it troch brânstichting ûntstien is. Der waard in rút fernield nei't der nei alle gedachten in brânbom nei binnen ta smiten waard.
It is noch net bekend hoefolle skea as der yn de opslach fan de sportklup makke is. De plysje ropt minsken op dy't rûn healwei seizen middeis wat fertochts sjoen hawwe by of rûnom it gebou.