70 jier troud: 'je moatte mei-inoar praten bliuwe'

18 jul 2016 - 21:16

Yn Easterbierrum ha Sjoerd Visser en Pietje Draaisma harren 70-jierrig houlik fierd. It stel troude yn 1946. Se wiene inoar sân jier earder tsjinkaam op de merke fan Sint-Anne. De fonk sloech fuortendaliks oer. Nei de oarloch troude it stel en krigen se twa dochters. It geheim fan har lange houlik is simpel: 'je meie best wolris spul ha. As je mar praten bliuwe,' seit Sjoerd Visser. Mar it wichtichste is, sa seit Pietje, dat se gewoan fan it begjin ôf oan al gewoan ôfgryslik wiis mei-inoar binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)