Radarkontrôle N361: 483 automobilisten ride te hurd

Snelheidskontrôle © Omrop Fryslân
By in radarkontrôle op de N361 by Lauwerseach hat de plysje moandei 1073 automobilisten op harren snelheid kontrolearre. 483 dêrfan rieden te hurd. De plysje kontrolearre oft de minsken har oan de oanpaste snelheden hâlden op plakken dêr't oan de dyk wurke wurdt. Op ien plak ried in bestjoerder 85 kilometer yn de oere dêr't 30 tastien is.