Lêste Fryske wolf 300 jier lyn

© Lenus van der Broek
Ut de ensyklopedy fan Fryslân út 1958 docht bliken dat it krekt 300 jier lyn is dat de lêste wolf yn Fryslân libbe. Albert Harms út Wolvegea skeat op 28 april 1712 de lêste wolf dea en krige dêrfoar 100 ryksdaalders.
Yn Wolvegea is noch ien wolf. Yn 1998 is dêr op it Pastorieplein in keunstwurk fan in wolf pleatst. Doel wie om de wolf, dy't past by de namme Wolvegea, wer werom te bringen. Faaks bliuwt it net by in keunstwolf. Op dit stuit soene populaasjes wolven fan Dútslân rjochting Nederlân gean.