Gaslek by bedriuw It Hearrenfean

De brânwacht hat moandeitemiddei filterbedriuw Filtrair BV oan de Werf op It Hearrenfean ûntromme, om't it binnen nei gas rûkte. Sa'n tritich man personiel moast it gebou ferlitte. De gaskraan is tichtdraaid en alle romten en krûpromten binne goed trochluchte. Ein fan 'e middei joech de brânwacht it gebou wer frij en koene de meiwurkers wer werom nei harren wurkplakken.