Jong Cambuurspiler Blackson oer nei earste alvetal

18 jul 2016 - 13:37

SC Cambuur hat de 21-jierrige ferdigener Delvechio Blackson offisjeel oanlutsen. Hy hat in kontrakt foar ien seizoen, mei de opsje foar noch in seizoen. Blackson makke it ôfrûne seizoen al de oerstap fan PEC Zwolle nei Jong Cambuur.

Hy hat no alle trainingen en oefenwedstriden meidien mei it earste alvetal en makke dêrby flink yndruk, skriuwt Cambuur op de webside.

Technysk direkteur Henry van der Vegt fan SC Cambuur seit: ,,Delvechio heeft het afgelopen jaar onder Dennis van der Ree en Arne Slot een constante ontwikkeling doorgemaakt bij onze beloften en hierin aangetoond over de juiste mentaliteit te beschikken. Daarnaast is hij met zijn snelheid, atletisch en voetballend vermogen uitgegroeid tot een goede en sterke verdediger."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)