Seleksje EK turnjen bekend
By it Europeesk kampioenskip turnjen yn Brussel fan 9 oant 14 maaie sille fiif turnsters fan TSH Hearrenfean yn aksje komme. Céline van Gerner, Joy Goedkoop en Lisa Top binne troch de KNGU oanwiisd foar de EK-seleksje by de froulju. By de junioaren hawwe Shirley van Deene en Jin Yi Hoekstra harren pleatst foar dielname.