Koartingskaartsjes MVV-Cambuur

SC Cambuur © Omrop Fryslân
De supportersklup Kern fan Cambuur hat in aksje opset om de bus fol te krijen nei MVV oansteande tiisdei. Foar de earste 120 minsken dy't in kaartsje keapje, betelje leden fan de supportersklup 30 euro en net-leden 32,50 euro. It kaartsje foar de return yn Ljouwert op 5 maaie sit by de priis yn.
De kaartferkeap fynt plak op moandei 30 april yn supportershome ’t Hertje fan 18.00 oant 20.00 oere.