Jonge scooterrider slim ferwûne nei oanriding mei beam

© Stefan Postema
In 23-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân is ôfrûne nacht slim ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de Stasjonswei yn Starum. It slachtoffer klapte troch noch ûnbekende oarsaak mei syn scooter tsjin in beam.
De plysje trof him oan mei ferwûnings oan de holle. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Neffens de plysje wie er mooglik ûnder ynfloed fan alkohol. Der is bloed by him ôfnaam foar ûndersyk.
Yn Frjentsjer kaam moandeitemoarn ek in scooterrider te fallen nei in oanriding mei in auto. Mei de ferwûnings fan de belutsenen like it dêr wol ta te fallen.