UPDATE: Drugsynfallen op alve lokaasjes

De plysje hat moandeitemoarn ynfallen dien op alve lokaasjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Der binne trije grutte himpkwekerijen oprôle, yn Ljouwert, op De Gordyk en yn Veelerveen.
Op alle lokaasjes trof de plysje goed tûzen himpplanten oan. De plysje hat trije fjoerwapens, trije auto's en in frachtwein yn beslach naam. Fierder is der beslach lein op jild en antyk.
Yn Drachten die de plysje in ynfal yn in bedriuwsgebou. Dêr makken de kriminelen ûnder oare stellaazjes foar de himpkwekerijen.
Der binne fjouwer minsken oanholden. It giet om twa manlju út Drachten: de haadfertochte, fan 54 jier, en in oare man, fan 45, en om in man en in frou út Assen, fan 48 en 50 jier. Se wurde fertocht fan drugshannel en wytwaskjen. De fjouwer binne oppakt yn Drachten en yn Veelerveen. De plysje wie op syk nei himp, jild en weardefol guod.
Neffens plysjesjef Cor Reijenga giet it om ien groep minsken dy't alle lokaasjes yn bedriuw bringt. Ein 2015 krigen plysjes yn de gaten dat der meardere himpkwekerijen deselde soarte fan opbou hienen, en dêrop binne se it ûndersyk begûn.