Kollum: "Doarpsfamke"

18 jul 2016 - 08:44

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketext.nl.

Ofrûne wykein wie ik by Welcome to the Village hjir yn Ljouwert. In prachtich festival op in bjusterbaarlik moaie lokaasje. Net allinnich de natuer makket it feest hjir sa moai, it is foaral de sfear. Alles en elkenien giet efkes 'back to basic'. Gjin drokdwaanderij mei de lêste moade foar de simmer: nee, gewoan klean út de kast skuorre dy’t lekker sitte. Alles is hjir lytsskalich en boppe-al gemoedlik.

Net foar neat dat de organisaasje fan Welcome to the Village it festival sels omskriuwt as ‘it moaiste lytse doarp fan Nederlân’. En dat wylst it dus eins yn de stêd is. Mar de kar foar it wurd ‘doarp’ jout oan wat it geheim is. De ferbining tusken alle minsken. Ik wol net beweare dat ik elkenien dêr by namme koe, mar tagelyk krige ik wol it gefoel yn dy trije dagen dat ik dêr omslentere dat it allegearre famylje wie. Gjin foardringerij by de kassa, gjin gehannes mei earmtakken by de bar en kreas de rommel wer opromje ast iten hast. It is in doarp sa’t in doarp wêze moat.

Sels bin ik hikke en tein yn Aldegea, in moai lyts plakje flakby Earnewâld. Dat sis ik bewust, omdat wy Aldegeasters altyd tsjin Drachten oanplakt wurde. Drachten, it doarp mei stedsambysje. Ambysjes dêr’t wy neat fan snappe. En dat is fuort it earste kenmerk fan in echt doarp: nochterheid foarop.

It twadde punt dat in doarp in doarp makket is it doarpsfeest. Doarpsfeesten yn de simmer binne de krinten yn de brij foar echte doarpsminsken. Want ik sil dy wol fertelle, dan giet de sosjale remme der trije dagen lang ôf. It is krekt as by de karnaval yn it suden: alles kin en alles mei as it doarpsfeest is. Samar ynienen sjochst buorman mei in hiele oare buorfrou efter de tinte stean te gniffeljen. Huh, tinkst dan, dy hearre toch hielendal net by elkoar? Mar kin’t skele, it is per slot fan rekken mar ien kear yn de trije jier doarpsfeest.

Belangryk is ek dat der in kroech is. Of in Buorren, en it leafste alle beide. De kroech en de Buorren binne nammentlik de plakken dêr’t praat wurdt. Of roddele better sein. Want elkenien kin elkenien yn in doarp. Dat is fuort ek it tredde punt dat in doarp in doarp makket. En dus wurdt der méi en foaral óer elkoar praat. Roddel en achterklap is essinsjeel foar de fitaliteit fan in doarp. In doarp sûnder roddel is as de Privé sûnder Patty Brard en Gordon: gjin klap oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)