Brân op It Hearrenfean, skuorre rekket swier skansearre
Yn in skuorre oan de Weegbree op It Hearrenfean is sneintejûn brân útbrutsen. De brânwacht waard om healwei tsienen oproppen en wie gau te plak. De brânwachtminsken hienen it fjoer gau ûnder kontrôle. De nije skuorre hat troch de brân aardich wat skea oprûn.
It is noch net bekend hoe’t de brân ûntstean koe.