Brânwacht fan Drachten útriden foar garaazjebrân

© De Vries Media
De brânwacht fan Drachten is sneintejûn útriden foar in brân yn in garaazje. Oan 'e Drift wie der brân ûntstien yn in garaazje neist in wenning. By de brân kaam in soad reek frij. De brânwacht hat it fjoer útmakke en de wenning dêrnei fentilearre.
Der binne gjin misken ferwûne rekke. Hoe' t de brân krekt ûntstien is, is noch net bekend.