Froulju VIOD winne Nederlânsk kampioenskip beachsoccer

© Jouke Dantuma
De fuotbalfroulju fan VIOD binne sneon yn Scheveningen foar de twadde kear Nederlânsk kampioen beachsoccer wurden. De ploech út Driezum wie yn de finale mei 4-3 te sterk foar HTC út Zwolle. Earder wûn VIOD al mei romme sifers fan 5-0 fan Ede.
Troch it beheljen fan it lânskampioenskip mei de ploech fan trainer Jouke Dantuma yn 2017 meidwaan oan de Champions League. Dat toernoai tusken de bêste sechstjin ploegen fan Europa wurdt hâlden op Sisilië.