Allingastate no Bêd en Brochje

Yn Allingawier is ôfrûne wykein it gebou Allingastate op 'e nij iepene. Dat is in state dy't ein jierren '70 boud is troch Yde Schakel. Sels hat hy jierren yn Allingastate wenne, mar hy seit dat er gjin jild genôch hie om yn de state te bliuwen.
It gebou is no omboud ta Bed and Breakfast. Ofrûne sneon is Allingastate wer iepene troch boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De Bed and Breakfast hat in klassyk ynterieur, mar is wol foarsjoen fan allegear moderne foarsjennings, lykas in flugge ynternetferbining.