Van der Bos, Triemstra en Iseger winne yn Ljouwert

17 jul 2016 - 17:13

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hat sneintemiddei de haadklassepartij yn Ljouwert wûn. Yn in iensidige finale wie it trijetal mei 5-0 en 6-2 te sterk foar Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar.

It wie alwer de fiifde oerwinning fan it seizoen foar it partoer fan Van der Bos. De lytse preemje gie nei Tjisse Steenstra, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)