Skippersportret: Alco Reijenga

Alve dagen, fjirtjin skûtsjes. Oer tolve dagen begjint it SKS skûtsjesilen, trije wike lang stride de ferskate skûtsjeskippers tsjininoar op de Fryske marren. Wa wurdt de opfolger fan De Jouwer? Yn de oanrin nei de earste silerij op 30 july by Grou, lizze wy alle skûtsjeskippers fan dit seizoen in pear fragen foar. Hjoed is it de beurt oan skipper Alco Reijenga.
Reijenga (36) is yn 2014 skipper fan it Feanster skûtsje de Gerben van Manen wurden. Dêrfoar wie er al tolve jier bemanningslid fan dat skûtsje. Ofrûne jier waard Alco Reijenga njoggende yn it SKS Skûtsjesilen. Wy lizze him seis fragen foar:
Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
‘’Ik bin begûn as ‘ketelbinkie’ by ús heit Jelle yn de roef op it Lemster skûtsje. Dat wie skitterjend! As broekje sjochst in hiel soad mei de kop boppe de roef út en learst in protte fan de âlde garde.’’
Hokker wedstriid is dy it measte bybleaun?
‘’Dat binne der in soad. Mar ferline jier op eigen wetter as earste oer de finish stjoere… Dat ferjit ik nea wer. It wie ek noch myn earste oerwinning as skipper!’’
Hoe makkest fan de bemanning in team?
‘’Dêr moatte meardere dingen foar soargje: iepen kommunikaasje, elkenien kin en hat wat yn te bringen, dúdlik stelde doelen, rjocht traine en mei-inoar oeren meitsje. Sa soargest derfoar dat de bemanning in team wurdt.’’
Wat is dyn favorite fakânsjebestimming?
‘’We binne gjin echte fakânsjegongers, dus Fryslân soe ik sizze. Mar ús houliksreis wie nei Meksiko. Dêr wie it suver wol moai dus dêr soe ik noch wolris nei werom wolle.’’
Folje oan: as wy kampioen wurde dan...
‘’As wy kampioen wurde dan kinne se ús yn Ljouwert jûchje (joecheie) hearre tink ik! Rekkenje der mar op dat it Starteilân by Snits dan te lyts is foar it feest en dat wy it hiele jier mei in ‘smile’ fan ear oant ear omrinne!!!’’
Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier en alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op de Simmer yn Fryslân-side.