Drugs- en alkoholkontrôle fearterminal Harns: 53 oanhâldings

By in drugs- en alkoholkontrôle by de fearterminal yn Harns binne dit wykein 53 minsken oanhâlden. It giet yn de measte gefallen om minderjierrigen. De plysje kontrolearre mei hûnen op it besit fan soft- en harddrugs, ek waard der sjoen nei alkoholbesit by minderjierrigen.
Freed gienen tweintich minsken yn oertrêding, sneon 33. De measten fan har moasten direkt in jildboete betelje, fiif krigen in proses-ferbaal. Fan de minderjierrige oertrêders binne ek de âlden ynformearre.
De plysje hâldt faker kontrôles by de fearterminal yn Harns, om drugsoerlêst op Skylge en Flylân foar te kommen.