Snelheidskontrôle Wâldwei: tolve hurdriders

17 jul 2016 - 09:50

De plysje hat sneontejûn tolve prosessen-ferbaal útskreaun by in snelheidskontrôle op de Wâldwei. Der waard troch in motoragint kontrolearre tusken Drachten en Garyp. De grutste oertrêder ried mear as 50 kilometer yn 'e oere te hurd. It giet om in 21-jierrige Drachtster. Syn rydbewiis is ek ynnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)