FIDEO: De ouwehoerkruk by it keatsen

Yn tarieding op de PC yn Frjentsjer sjogge we nei dy dei foarút. Yn de keatswrâld wurdt altyd in soad ouwehoerd. Dêrom yntrodusearje wy nochris de ouwehoerkruk. Trije jier lyn wie it krekt sa; in soad krityk op de gong fan saken yn de keatswrâld.
Omdat der neat feroare is op dat gebiet, jouwe we nochris de kâns oan guon kenners om harren miening te jaan. Dat dogge de manlju op de ouwehoerkruk. Dy stiet yn Makkum by it keatsfjild. Jo sjogge ûnder oare Johannes Brandsma (âld-keatser), Jack Iseger (heit fan Daniël) en Jacob Wassenaar.
Fierder de mienings fan de partoeren fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar en dy fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger.