Hûnderten Pokémon Go leafhawwers sammelje op it Saailân

16 jul 2016 - 17:23

Hûnderten minsken sammelen har sneontemiddei op it Saailân yn Ljouwert foar in grut Pokémon Go-evenemint. De dielnimmers rûnen mei in grutte groep dwers tusken it winkeljend publyk. De Pokémonsikers koene net safolle, want nei in skoftke leine de servers plat.

It Pokémon Go-spul koe sneon foar it earst offisjeel delhelle wurde yn Nederlân. By de tocht waarden ferskate Pokémons fûn. Njonken it sykjen waard ek in soad lake troch de dielnimmers. Der diene sa'n 300 oant 400 minsken oan de speurtocht mei.

Neffens guon dielnimmers soe it om ien fan de grutste Pokémon Go-eveneminten yn Nederlân oant no ta gean. It wikeljende publyk reagearre hiel wikseljend op it evenemint. Guon minsken fûnen it prachtich, oaren fûnen it ûnsin.

Trefwurden: 
Pokémon Go Saailân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)