FOTO/FIDEO: muzyk, ite en rilakse op Welcome to the Village

16 jul 2016 - 16:47
  • Prima ferrin foar Welcome to the Village

Welcome to the Village, it festival fan trije dagen yn it Griene Stjergebiet yn Ljouwert liket prima te ferrinnen. Op it lêste momint moast der noch fan terrein wiksele wurde, mar ek dat liket goed slagge. De earste dei en nacht binne sûnder problemen ferrûn. De sfear is ûntspannen en, wat hiel wichtich is: it waar is moai en de grûn bliuwt sadwaande ridlik drûch.

Fotograaf Joris Kalma makke foar ús de folgjende plaatsjes.

(advertinsje)