Sintrale As: de provinsje wachtet op antwurden 'Nije Daam'

De provinsje wachtet op antwurden fan oannimmerskonsortium 'Nije Daam' oer mooglike misstannen by de oanlis fan de Sintrale As, de dyk fan Dokkum nei Nyegea. Fakbûn FNV sei ôfrûne moanne dat wurknimmers by de oanlis fan de dyk struktureel ûnderbetelle wurde en dat ferskate wurkjouwers net foldogge oan de CAO.
De PvdA-steatefraksje hat krityk op de oanpak fan de provinsje. Neffens fraksjefoarsitter Remco van Maurik fan de PvdA soe de provinsje de mooglike problemen út de wei gean, mar deputearre Sietske Poepjes seit dat dit net sa is.
Poepjes wachtet op antwurden fan it boukonsortium. As dy der binne, leit de provinsje se foar oan in 'check' fan in eksterne, ûnôfhinklike jurist, seit Poepjes. Sy wol neat witte fan de krityk dat se te stadich optrede soe. As it nedich is, wurket de provinsje yn de fakânsje troch, want de wierheid moat op tafel komme, seit deputearre Poepjes.