Longfûns wol oerlêst troch houtreek oanpakke

Der binne yn Nederlân mei-inoar sa'n ien miljoen iepen hurden en houtkachels..... © ANP
Subsydzjes op pelletkachels stopsette, in stookferbod by wynstil waar, houtreekfrije wenwiken mei huzen sûnder reekkanaal en stoke op hout aktyf ûntmoedigje. It is in greep út de maatregels dy't it Longfûns, it eardere Astma Fûns, docht oan de Nederlânske gemeenten. It Longfûns reagearet dêrmei op de moasje fan Ljouwert en Amersfoort oer it oanpakken fan de oerlêst fan houtreek.
De gemeenten tsjinnen de moasje yn by de Vereniging Nederlandse Gemeenten. Neffens it Longfûns telt Nederlân hast in miljoen houtkachels en iepen hurden.
Dy soargje mei-inoar neffens it Longfûns foar in soad oerlêst. Ek wurde guon minsken siik fan de reek. It griene imago fan stoke op hout is net terjochte, sa seit it Longfûns. Neffens it fûns wurdt it heech tiid dat gemeenten belied ûntwikkelje om fierdere skea oan de sûnens troch houtreek foar te kommen.