Fernijde haven Lauwerseach dreech te berikken

De haven fan Lauwerseach is de ôfrûne moannen flink ferbettere. Der is foar in bedrach fan sa'n 4 miljoen euro ynvestearre. Derfoar binne nije stegers boud, kin der better laden en lost wurde en is de haven better berikber troch de golfbrekker oan it begjin fan de haven te ferlizzen. It wurk is ek dien op fersyk fan de fiskers, dy't Lauwerseach as thúshaven hawwe.
Der moat noch wol in oplossing komme foar it Westgat dat foar de haven leit en dat hieltiid fierder tichtsliket. Gruttere skippen kinne de haven om dy reden net berikke.
It Westgat soe dêrom útbaggere wurde moatte.