Fryske reaksjes op Turkije: twifel by fakânsjegongers

Yn Fryslân binne in soad reaksjes op de ûnrêst yn Turkije. Freedtenacht besochten militêren dêr de macht te gripen. De ûnrêst en it geweld yn it lân hâlde noch altyd oan.
Soad fragen foar reisburo's
By Reisburo Internoord yn Ljouwert is it smoardrok. Meiwurkers binne oant fannacht 3 oere dwaande west mei it beljen fan 130 reizgers dy't by Internoord in reis nei Turkije boekt hiene. Tegearre besykje se ta in oplossing te kommen. Direkteur Erik van der Waard: 'as minsken nei in oare bestimming wolle, is dat gjin probleem.' Der is neffens van der Waard noch net bot reden ta panyk, om't de gefjochten benammen yn Ankara en Istanbul wiene.
Ljouwerter Fahri Mintes yn Bodrum: 'steatsgreep komt net as in ferrassing'
Foar Ljouwerter Fahri Mintes komt de militêre kûp yn Turkije net as in ferrassing. It giet neffens Mintes om in islamityske groepearring dy't besocht hat in steatsgreep te plegen, de saneamde ghettobeweging. Mar de groep is te lyts om ek echt de macht te pakken, seit er. Mintes, dy't in it badplak Bodrum in hotel runt, fernimt it effekt fan de kûp. 'De Turken sels binne benaud wat de mislearre steatsgreep betsjut foar de ekonomy yn it lân en de famyljeleden dy't se yn de grutte stêden wenjen ha.' Ek sitte toeristen yn noed omdat harren flechten net geane.
Ayasofya Moskee Snits: 'net de goede manier om saken te feroarjen yn Turkije'
Ek de Turkske mienskip yn Súdwest-Fryslân is bot skrokken fan de steatsgreep fan ôfrûne nacht yn Turkije. De hiele nacht hawwe se foar de telefyzje sitten om it lêste nijs te folgjen en om kontakt te krijen mei famylje yn Istanbul en Ankara. Neffens foarsitter Gozuacik van de Turkse Ayasofya Moskee yn Snits is in militêre steatsgreep net de goede manier om wat te feroarjen yn it lân. Foar him komt de steatsgreep wol as in grutte ferrassing.
Friezen sjogge oan tsjin fakânsje Turkije
Ek fia social media komme besoarge berjochten binnen fan Friezen dy't twivelje oft se noch wol nei Turkije ôfreizgje sille op fakânsje.
Jantsje Weidenaar skriuwt: 'Wij staan op het punt om donderdag met ons gezin naar Turkije te gaan. Het duurt nog een paar dagen, maar zie er nu toch wel tegen op!'