Jonge slacht man nei opmerking
In 68-jierrige ynwenner fan Drachten is sneontejûn mishannele op de Ringwei yn syn wenplak. Dêr seach er dat twa jonges en in famke bierfleskes stikken smieten op strjitte. De man sei dêr wat fan. Dêrop sloech ien fan de jonges him in oantal kearen tsjin de holle. Dêrnei naaiden de trije út.