Snelheidskontrôle op N31: twa rydbewizen yn beslach naam

16 jul 2016 - 10:25

De plysje hat freed twa rydbewizen fan hurdriders yn beslach naam, by snelheidskontrôles op de N31 by Ljouwert. Wylst 100 kilometer dêr it maksimum is, rieden de hurdriders mei 167 en 174 kilometer oer de dyk. Dêrneist hat de plysje njoggen prosessen-ferbaal útskreaun oan bestjoerders dy't mear as 30 kilometer te hurd rieden.

Trefwurden: 
hurdriders rydbewiis kwyt N31
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)