Balstjurrige Drachtster oppakt

29 apr 2012 - 13:07

In 21-jierrige Drachtster is sneontenacht oanholden foar oanranding, fernieling en ferset. De fertochte waard út in hoarekasaak yn syn wenplak set omdat er dêr twa froulju betaast hie. Ek fernielde er de klean fan in portier.

Doe't de plysje him oanhold, fersette de man him bot. Hy is fêstset.

Trefwurden: 
fernieling oanranding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)