Sel en tbs easke foar betaasting fan jonge famkes

Rjochtbank Grins © ANP
Tsjin in 50-jierige ynwenner fan Klijndijk yn Drinte is tongersdei yn heger berop 30 moannen sel en tbs easke. Yn jannewaris dit jier krige de man deselde straf al oplein troch de Grinzer rjochtbank foar it betaasten fan sa'n tweintich jonge famkes yn Fryslân en Drinte. Hy sit no yn in ynstelling yn Bosschoord. It jongste slachtoffer wie tsien jier âld. De man sette syn scooter yn it paad fan fytsende famkes. Dat begûn yn de simmer fan 2013 yn Fryslân.
Op it fytspaad tusken Ljouwert en Frjentsjer gong it sân kear mis. De man ûntkent dat lykwols. Hy jout wol ta dat hy dêrnei yn de Drintske gemeente Borger-Odoorn famkes betaaste hat. De man hat earnstige steurnissen lykas skizofreny. Ek is er ferstanlik beheind. Hjirtroch is him net alles oan te rekkenjen.