Takomst fan Fryske biblioteken is ûnwis

16 jul 2016 - 11:30

Hoe komt it mei de takomst fan de Fryske biblioteken? Dat is in fraach dy't je stelle kinne no't der trije biblioteken yn Ljouwert ferdwine en opgean yn ien grutte biblioteek. Troch besunigings moatte de biblioteken yn Bilgaard, Camminghaburen en Aldlân per ein 2016 ticht. De fêstiging yn Camminghaburen giet sels ein augustus al ticht foardat it nije skoalseizoen begjint. Dat seit Arjen Nijboer fan Stifting Biblioteken Midden-Fryslân.

Ynformaasje en kursussen

Wol komme der spesjale ynformaasjepunten yn dizze plakken foar minsken dy't net sa fier rinne kinne of foar jonge bern. Hjir is dan in lytse kolleksje boeken te finen. Boppedat wurde dêr spesjale kursussen jûn oan minsken dy't net goed lêze en skriuwe kinne op ferskate lokaasjes, bygelyks op skoallen.

Aksjes

Nijboer ferwachtet dat der wol in oantal minsken net mear nei de biblioteek komt om't se der fierder foar ride of kuierje moatte. Wol hopet hy dat de measte leden ek nei de lokaasje yn it sintrum komme. Om dit ek te befoarderjen wurde der aksjes organisearre. Bygelyks troch in fergees kopke kofje of aktiviteiten dêr't se oan meidwaan kinne. En ek al it personiel fan de oare lokaasjes kin aanst te plak yn de sintrale biblioteek yn Ljouwert, sa seit Nijboer.

De biblioteekpaskes dy't de leden no hawwe, bliuwe gewoan jildich by de fêstiging yn it sintrum fan Ljouwert en aanst ek yn de nije biblioteek yn de Blokhúspoarte. Dizze giet nei alle gedachten ein 2017 iepen foar publyk. Hoe't it komt mei oare biblioteken yn Fryslân, bygelyks yn de doarpen, dêr doart Nijboer fan de stichting noch gjin antwurd op te jaan.

Trefwurden: 
biblioteek Fryslân takomst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)