Mollema klimt nei twadde plak yn Tour de France

Bauke Mollema gie solo oer de einstreek yn Donostia/San Sebastián © ANP
Bauke Mollema hat freed goede saken dien yn 'e trettjinde etappe fan de Tour de France. De hurdfytser fan Trek-Segafredo sette in sechde tiid fan 52.09 del en makket dêrmei in sprong nei it twadde plak yn it algemien klassemint. Nederlanner Tom Dumoulin wûn freed mei oermacht de tiidrit.
Bêste tiidrit ea
"Dit was misschien wel mijn beste tijdrit ooit", sa sei Bauke Mollema. "Ik was heel getergd om een goede tijdrit te rijden. Ook zonder wat gisteren gebeurde, wist ik dat dit erin zat. Ik heb veel vertrouwen. Dit was een superdag."
Klassemint
Chris Froome giet oan 'e lieding yn it algemien klassemint,  Mollema is twadde mei in ôfstân fan 1.47.