Subsydzje fan provinsje foar ferwidering asbestdak

15 jul 2016 - 15:52

Elkenien dy't in asbestdak ynruilje wol foar in dak mei sinnepanielen, kin dêrfoar subsydzje krije fan de provinsje Fryslân. It dak moat dan wol minimaal 250 kante meter grut wêze en je moatte yn elk gefal tsien kilowatt oan stroom opwekke kinne. Der hat tusken 2013 en 2016 al in regeling west wêrby de provinsje oardel miljoen euro oan subsydzjejild ferdield hat foar dit doel. Mar dat gong om dakken fan agraryske gebouwen, fanwege easken fan it Ryk út.

It jild hjirfoar kaam ek út Den Haag. No't dat jild op is, komt de provinsje mei dit nije inisjatyf en lûkt dêr in heal miljoen euro foar út. Fryslân is de earste provinsje dy't dat docht. Je kinne 4,50 euro subsydzje krije foar elke kante meter asbestdak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)