Supporters Hearrenfean ferplicht mei de bus nei Brussel

15 jul 2016 - 15:05

Fans fan SC Hearrenfean dy't woansdei de oefenwedstriid tsjin Anderlecht yn Brussel besykje wolle, meie dit net mei de eigen auto dwaan. Fanwege de oanslaggen yn it Frânske Nice en de terreurdriging yn België moatte de Hearrenfean-supporters fan de Belgyske autoriteiten ferplicht mei de bus nei de wedstriid reizgje.
 
Earder soe it foar de supporters noch mooglik wêze om losse tagongskaarten oan de kassa te keapjen, mar hjir is troch de omstannichheden feroaring yn kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)