Lantearnepeal waait op auto's

29 apr 2012 - 12:17

Seis auto's binne sneontemiddei skansearre rekke op it parkearterrein fan de Albert Heijn XL oan de Tijnjedyk yn Ljouwert neidat in lantearnepeal omwaaid wie. Dy foel boppe op de auto's. De ûnderkant fan de lantearnepeal wie trochrustke en troch de hurde wyn bejoech er it úteinlik.

In oantal auto's moast fuortsleept wurde. De skea rint yn de tûzenen euro's.

Trefwurden: 
Albert Heijn lantearnepeal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)