Kitesurf-promoasjedei Mar en Klif

15 jul 2016 - 14:29

It bedriuw Antix Sports en besikerssintrum Mar en Klif organisearje sneon in kitesurfpromoasjedei yn Warkum en by Murns oan de Iselmar. It doel is om mear minsken entûsjast te meitsjen foar it kitesurfen. Under lieding fan betûfte kitesurfers krije minsken in koarte teoryles en kinne se op it lân draakjefleane. Dêrnei meie de kursisten it wetter op by it strân fan kamping It Soal yn Warkum en de Murnzer klif yn Murns. Alles bart ûnder lieding fan Koen van Bolhuis en Klaas Adema fan Antix Sports.

Kitesurfen is de lêste jierren tige populêr wurden. Yn Fryslân binne sân lokaasjes dêr't de sport beoefene wurde mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)