Soargen oer wetterskippen

29 apr 2012 - 10:51

Demisjonêr steatssekretaris Joop Atsma makket him slim soargen oer it fuortbestean fan de wetterskippen. Hy is benaud dat in mearderheid yn de Twadde Keamer de Wetterskipswet kontroversjeel ferklearje wol. At dat bart, wurdt behanneling fan de wet op de lange baan skood.

Dat kin der neffens Atsma foar soargje dat in besuniging fan 750 miljoen euro net realisearre wurde kin. Yn de Wetterskipswet soene de wetterskippen ferantwurdlik wurde foar de feilichheid fan in part fan de seediken yn Nederlân.

Trefwurden: 
Joop Atsma wetterskippen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)