Gjin berop oanriding Sint-Nyk

15 jul 2016 - 13:32

It Iepenbier Ministearje giet definityf net yn berop tsjin de straf foar de frou dy't twa jier lyn twa jonges oanried yn Sint-Nyk. Sawol de rjochtbank as it gerjochtshof feroardielden de frou ta 240 oeren wurkstraf. Ek mei se twa jier net autoride. De Sint-Nykster ried yn augustus 2014 twa jonges út it doarp oan, neidat se se al in skoftke efterfolge hie. Dat wie omdat de jonges neffens de frou har hûnen faak narren. Troch de oanriding rekke ien fan de slachtoffers blyn oan ien each. De oare jonge rekke licht ferwûne.

It IM fertocht de frou yn earste ynstânsje fan it besykjen ta deaslach, mar dêr gong de rjochtbank net yn mei. Foar it gerjochtshof woe it Iepenbier Ministearje de frou dêrom ferfolgje foar gefaarlik riden, mar ek dat wie neffens de rjochters net te bewizen. De frou is no feroardiele foar behoarlik ûnfoarsichtich riden. Dêr lit it IM it no definityf by.

Advokaat Tjalling van der Goot lit witte dat syn kliïnte ferromme is dat de strafsaak nei twa jier klear is. Se betreuret de gefolgen foar de slachtoffers en hopet dat alle belutsenen no rêst krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)