Fries om utens Jorrit Okkema: bizarre nacht yn Nice

15 jul 2016 - 12:15

Fries om utens Jorrit Okkema fan Dronryp wie tongersdeitenacht tsjûge fan de terroristyske oanslach yn Nice. Okkema is op houliksreis en wie op it strân by de bûlevaar dêr't it grutte drama him ôfspile.

'We hiene krekt nei it fjoerwurk sjoen, en ynienen begûn elkenien te draven. Earst hiene we it noch net echt yn 'e gaten, mar doe hearden we dat der sketten waard,' sa fertelt Okkema. It jonge stel is doe oer it strân flechte en hat in skoft ûnder strânstuollen lein. Doe't it wat rêstiger waard binne se nei it hotel gien.

De reis dêrhinne wie bizar, fertelt Okkema. Winkels wiene skansearre, terrassen wiene hielendal ferrinnewearre troch de minsken dy't op 'e flecht slein wiene. Yn it hotel hawwe Okkema en syn frou alles op 'e telefyzje folge. Se doarden de doar net mear út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)