Hearrenfean wint fan Heracles

28 apr 2012 - 23:46

SC Hearrenfean hâldt nei de 4-2 oerwinning by Heracles Almelo sicht op it twadde plak. Maklik gong it net mei de ploech fan trainer Ron Jans. Heracles wie yn it earste healoere oppermachtich, mar keeper Nordfeldt kearde alle ballen. Nei de betide goal fan Bas Dost wie it in wûnder dat der yn de earste helte net mear doelpunten foelen. Narsingh ferdûbele de foarsprong, mar in penalty fan Overtoom brocht de spanning werom (1-2). Dat barde ek nei de goal fan Djuricic en fuort dêrnei de skoare fan Bruns (2-3). Dost (syn 30e) soarge foar de 4-2.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)