Friezen yn Frankryk skrokken fan oanslach
Friezen yn Frankryk reagearje ferbjustere op de oanslach yn Nice. Durk Fabriek fan Beetstersweach is yn Frankryk as fysioterapeut yn it team Giant Alpecin, fan ûnder oaren Tom Dumoulin. Hy seit dat de Tour de France no even hiel ûnbelangryk is. 'It is ferskriklik wat der bard is, dit rekket je. Under it moarnsbrochje gie it allinnich mar oer de oanslach, der is noch gjin wurd sein oer de Tour en de tiidrit fan hjoed. Dat is no net belangryk.'
Fabriek fynt dat der wol gewoan fytst wurde moat. 'It helpt je neat as der net fytst wurdt, dêr winst neat mei, it smyt dy neat op.' Hurdfytser Bauke Mollema hat twittere oer de oanslach. 'Ik kon nog niet slapen en nu lees ik over iets veel belangrijkers dan de Tour,' skreau Mollema op syn Twitter neidat er it nijs oer de oanslach meikrigen hie. 'Mijn gedachten gaan uit naar de mensen uit Nice. Wat een bizarre wereld.'