Alde sâltloads fan Laaksum wurdt definityf fiskwinkel

14 jul 2016 - 22:53

De âlde sâltloads yn it haventsje fan Laaksum oan de Iselmar wurdt in fiskwinkel. Fierders sil der lytsskalige hoareka tastien wurde. De ried fan Súdwest-Fryslân hat dêr tongersdeitejûn in beslút oer nommen. De wurkgroep Histoarysk Warns hie leaver in fiskerijmuseum hân yn it gebou.

De sâltloads, dy't earder ek tsjinst die as fiskôfslach, is eigendom fan de famylje Smits út Starum. It is in monumint en mei dêrom net sloopt wurde.

Skiednis sâltloads

De eardere sâltloads 'De Hang' is yn 1925 boud yn de haven fan Laaksum oan de Iselmar. It pân hat yn gebrûk west om iel te sâltsjen en te rikjen. Ek waard der fisk ferhannele. De loads is boud fan kalkstien en is dêrom bysûnder as monumint. De eigener wol it fertutearze gebou restaurearje nei de orizjinele steat. Dêrtroch soe de skiednis fan it gebou wer sichtber wurde.

Willem van Althuis

Sâltloads 'De Hang' is ek nasjonaal bekend wurden trochdat de Fryske skilder Willem van Althuis in rige skilderijen fan it gebou makke hat. Tusken 1976 en 1985 makke hy njoggentjin 'Laaxum'- skilderijen.

Trefwurden: 
sâltloads Laaksum fiskwinkel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)