FIDEO: Fries Museum pakt út mei Hylper styl

14 jul 2016 - 17:59

Hylpen is hip. De typysk Hylper styl wurdt hieltyd populêrder by moadeûntwerpers en der komme hieltyd mear toeristen nei it stedsje. Reden foar it Fries Museum om der ekstra mei út te pakken. Neist de besteande stylkeamer is der yn it museum no mear romte makke foar typysk Hylper klean en stuollen.

De Hylper styl is ferneamd. Sels de moadeûntwerpers Viktor en Rolf brûke it Hylper motyf yn har ûntwerpen. Yn it ferline waard de stylkeamer sels útstald op wrâldtentoanstellingen, sa as dy fan 1878 yn Parys.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)