'Graffiti grannies' fervje op garaazjedoarren yn Ljouwert

Seis âldere froulju út Ljouwert meitsje tongersdei graffitytekeningen op garaazjedoarren yn de stêd. Se wurde ek wol de ''graffiti grannies'' neamd. De froulju dogge dit mei it doel om iensumens ûnder senioaren tsjin te gean.
It is in projekt fan studinte Renate Ruygh foar har oplieding Kultureel Maatskiplike Foarming. Neffens har binne der in soad âlderen dy't op it stuit iensum binne en graach nije dingen ûndernimme wolle.
Sa ek frou Zondervan út Ljouwert. ''Ik wol net efter de geraniums sitte en ik mei graach wat nije dingen besykje. As sa'n famke my dat dan freget, dan doch ik mei!''.
Renate Ruygh hopet dat folle mear minsken faker ris wat mei harren pake en beppe oft oare âldere minsken dwaan wolle. ''Ook al is het maar een wandeling of iets anders kleins, daarmee doe je deze mensen een groot plezier'', sa seit de studinte út Ljouwert.