Op Waadeilannen moatte mear nije keaphuzen komme

Op de Waadeilannen moatte mear nije keaphuzen komme. Dat is ien fan de belangrykste konklúzjes fan in ûndersyk nei de wenningmerk op de eilannen. Starters en jonge gesinnen kinne hiel dreech oan in keaphûs komme op de Waadeilannen. De huzen binne gemiddeld folle djoerder as op de fêste wâl en ek de trochstreaming út hierwenningen is lyts.
De wenningmerk op de eilannen is ûndersocht troch in advysburo dy't mei makelers, banken, wenningboubedriuwen, de soarch en de oerheid sjoen hat hoe't de wenningmerk wer yn beweging komme kin.
De provinsje wol de gemeenten op de eilannen no mear romte jaan om nije huzen te bouwen.