Friezen bûten top 10 by PWZ

© awfoto.nl
By de 21e edysje fan de PWZ Zuidenveldtour is Bart Rijpma fan Aldeholtpea sneon as bêste Fries op it 16e plak einige. Oer goed 180 kilometer einige Rijpma krekt foar Wim Stroetinga fan Aldeberkeap dy't 18e waard. Hidde van Nuil fan Appelskea waard 20e en Andries Weening fan De Harkema fine we werom op it 24e plak.
De oerwinning gong nei Maurits Lammertink, dy't dêrmei de titel oernimt fan Bert-Jan Lindeman.