Ynwenners Smellingerlân hâlde folle minder ôffal oer

14 jul 2016 - 16:13

De groep ynwenners fan Smellingerlân dy't meidien hat oan in projekt om sa min mooglik ôffal te produsearjen, hâldt gemiddeld per jier in lytse 25 kilo smoargens oer. Dat is folle minder as de lanlike doelstelling fan 100 kilo yn it jier.

Yn Smellingerlân ha 142 gesinnen hûndert dagen lang hiel krekt west yn hoe en wat se fuortsmite. En dêr hat út bliken dien dat se fier ûnder it lanlik gemiddelde sitte mei it skieden fan har ôffal.

Neffens de gemeente Smellingerlân is ek dúdlik wurden dat goeie foarljochting en foarsjenningen fan grut belang binne om minsken der ta oan te setten om har smoargens op sa'n manier te skieden, dat der sa min mooglik restôffal oerbliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)